Discvr

menu zoek
cover De rook fan it lan

De rook fan it lan

Auteur:
Ulbe van Houten
Uitgever:
Tde

Yn de ferhalebondel De rook fan it lân bringt Ulbe van Houten de lêzer werom nei it Fryslân fan alear mei syn boeren, gerniers en arbeiders. It wie in sletten plattelânsmienskip dêr't elk syn plak hie en de stânsferskillen net te oerbrêgjen wienen. Van Houten lit dy machtsûngelikens wol sjen, mar hy is yn syn wurk gjin sosjaal strider. Syn Fryslân is de idyllyske enklave dêr't foar it kwea gjin duorjend plak is. De earste printing fan De rook fan it lân wie in samling fan acht ferhalen út ferskate publikaasjes fan it Kristlik Frysk Selskip en ferskynde yn 1943. De twadde printing kaam krekt 20 jier letter út, mei fjouwer nije ferhalen en ien weilitten. Dit boek is in werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan Trinus Riemersma. Yn it ferhaal De beam, ien fan de moaiste sketsen, betoant Van Houten him in master yn de keunst fan it beskriuwen. It ferhaal sit fol symbolyk en poëzy. Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant Ulbe van Houten is in rasferteller, dy't sfear wit te skeppen en dy't syn taal wit te brûken. Syn Frysk is geef sûnder argaïstysk te wurden. H. Keuning yn De Stiennen Man Hy kin feiten en persoanen yn inkelde halen dúdlik en raak op papier krije. Syn wurk is natuerlik en minsklik en der spilet in kostlike humor trochhinne. Durk van der Ploeg yn Frysk en Frij

Boek gelezen 

Ratings:

  • Dit boek is nog door niemand gelezen

    Heb jij het boek wel gelezen? Schrijf dan als eerste een review voor dit boek.

    Boek gelezen