Discvr

menu zoek
cover De Smearlappen / Druk Heruitgave

De Smearlappen / Druk Heruitgave

Auteur:
Anne Wadman
Uitgever:
Elikser

De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy’t langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in ‘gelearde boer’, dy’t hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy’t mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap. Doe’t De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna. Dizze sânde printing is in werjefte fan de sânde út 2010.

Boek gelezen 

Ratings:

  • Dit boek is nog door niemand gelezen

    Heb jij het boek wel gelezen? Schrijf dan als eerste een review voor dit boek.

    Boek gelezen