Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ungeluk de moed opjun hat, mar docht har best om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat. Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, dy is unfruchtber. Se sit sa fol fan har bernewinsk, dat se op in stuit yn beskonken tastan in drastysk beslut nimt. Sjoerd docht syn best om yndruk op har te meitsjen , mar dan stiet se each yn each mei Ronny. De grins tusken froeger en no is ynienen fuort.