Anna Buttenveldt wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdun, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet, en sa gefaarlik as yn Djipdun hat Ale it noch net earder meimakke. De tydlike, froulike pleatsferfanger fan Heine Hanssen soarget earst foar nochal wat argewaasje. Djipdun is spannend, mysterieus mar ek loftich. Ale Alema sit op 't heden goed yn syn fel en dat hat foar in part mei Jo van Aken te meitsjen, mar ek mei dochter Jelly. Sy is thus ut Itaalje en hat in ferrassing by har.