Discvr

menu zoek
cover Flammen

Flammen

Auteur:
Hilda Talsma
Uitgever:
Elikser B.V. Uitgeverij

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar Ronny fertrout derop dat it in ûnferjitlike dei wurdt. En dat wurdt it, yn mear as ien opsicht. Hilda Talsma hat mei De twadde hûd, har debútroman, sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in ferrassend slot.

Boek gelezen 

Ratings:

  • Dit boek is nog door niemand gelezen

    Heb jij het boek wel gelezen? Schrijf dan als eerste een review voor dit boek.

    Boek gelezen