It sicht is withoefier en 't eachweid grut. Fyftich fersen oer Fryske doarpen. Tekst: Eize de Boer. Foto's Frans en Winfryd Andringa, Jannes Faber, Eilert Lubbers. Mei droege humor en skerpe typearring set Eize de Boer al jierren doarpen en étbuorrens yn fersen del. Hy is meiïnoar sa'n tachtich bylâns reizge en dy hawwe sûnt 1992 allegear yn it Friesch Dagblad stien. Him is faak frege, oft dizze fersen ek bondele wiene, mar dat wie oant no ta net it gefal. Mei dizze étjefte foarsjocht Gopher yn dat ferlet. Yn It sicht is withoefier en 't eachweid grut binne de fyftich bêste fersen fan dizze feardige dichter bondele. Fansels binne ek de sfearfolle foto's fan ûnder oaren Frans Andringa en Jannes Faber ôfprinte. Hieslum De tiidgeast wist de boel noch wat te stjoeren: De reden binne no fan glêd beton, Op plakken rommen klompen 't fjild foar skuon, Net alle pleatsen binne mear fan boeren. Mar blykber giet it om 'e lêste oeren: It rint hjir dea en 't spoar hat gjin stasjon, As lei 't ûntfolkingsspoek mei in kanon Yn dizze stilte op in proai te loeren. Mar 't hat in tsjerke dêr't noch preke wurdt, Dit stipke op 'e griene greidetekken, Dat hjoed as kearn net folle mear betsjut. En romteminsken komme oan har trekken. It sicht is withoefier en 't eachweid grut Yn 't gea tusken de Trekfeart en de Brekken.