It sil tsjin trijen west ha, doe kaam as ien fan é lêsten in frou mei in lijerich bern op é earm yn 'e keamer. Eke hie sjoen hoe't se it herterke yn 't syskeammerke it boarst jûn hie. It hie net gûld. En doe't se it bern by Hartman op é tafel út é tekken tearde die bliken dat it de fuotsies ferbaarnd hie. Ien en al fjurrich, wyld en ferswold fleis. Skriemerich fertelde de mem it ferhaal. Hartman Lautenbach, wûnderdokter yn é omkriten fan Kûkherne, is de haadpersoan fan It wurk fan é duvel.