De twadde dichtbondel fan Janneke Spoelstra. Se debutearre yn 2004 mei Goeie is it wachtwurd. Yn 2008 publisearre se har ferhalebondel In Jikse-libben, yn de rige Fryske Modernen. Janneke Spoelstra har gedichten en proaza binne tematysk sterk mei-inoar ferbûn. Se ûndersiket har bân mei it lânskip en de minsken fan Noardwest-Fryslân en har Fryske en lesbyske identiteit. Dat docht se ferrassend: har poëzy is fris en licht iroanysk en fol moaie, orizjinele bylden dy’t de lêzer lang bybliuwe.