Tsjin 'e ein fan dy simmer makke ik in lange tocht troch de woestyn. Ik hie al myn guod opslaan litten yn in citybox en dagen achterinoar ried ik troch, oant midden yn 'e einleaze romte de motor fan myn auto it bejoech. Yn panyk begûn ik te rinnen, mar dat hie ik miskien better litte kind, want nei in ûnbeskaat skoft ferknoffele ik pynlik de foet. Ik foel del op 'e rotsige grûn en raasde it út. Gelokkich kaam ik letter, iensum lizzend yn 'e nacht, stadichoan wer wat by 't ferstân. Ik stoarre omheech nei de tsjustere stjerrehimel en tocht: geastlike foarútgong mei otnmers ek bêst wat kostje. Alles ktn net altyd om 'e nocht.