Discvr

menu zoek
cover Oerfeart

Oerfeart

Auteur:
Aggie van der Meer
Uitgever:
Elikser B.V. Uitgeverij

Yn de histoarise roman 'Oerfeart' fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadske foarfaar en har Dútse beppe. Dêrfor hellet se har oer fan it Ryk fan 'e Dea nei dat fan it Libben. 'De âlden fan Markus Sekkel wienen net om 'e nocht út de Dútse lannen wei nei de Republyk fan 'e Ferienige Nederlannen flechte, al wisten se dat se ek dêr net mei iepen earmen ferwolkomme wurde soenen. Se moasten om te begjinnen noch mar ôfwachtsje oft se de nedige papieren krije soenen. Dat soe ynearsten rêst jaan. Al it oare dêr't minsken nei útsjogge: in hûs, in knappe nearing, it goed meiïnoar buorjen, wie tajefte. Wêr't se wis fan wêze koenen wie de foarriedige treast fan lotgenoaten.' Foar 'Oerfeart' krige Aggie van der Meer yn 2011 de Piter Jelles Priis. Parse oer har romans: Lytse roman fan Jon Fels In konsintrearre masterwurkje, skreaun yn in mearke-eftige styl. (Ynternettydskrift Farsk) Gefoel foar sfeartekening en skerpsinnige psychology. (Literêr tydskrift Hjir) Untdekking fan de wrâld: De earste twa haadstikken lêze as in trein, omreden fan de mylde humor, de poëtyske styl. Elk haadstik fan it lêste skift is in fynbeslipe juwieltsje.

Boek gelezen 

Ratings:

  • Dit boek is nog door niemand gelezen

    Heb jij het boek wel gelezen? Schrijf dan als eerste een review voor dit boek.

    Boek gelezen