SÛNDER SWELTSJES is it dreamdebút fan arsjitekt, sjoernaliste en dichteres Grytsje Schaaf. Yn har 'frozen frames' hinget alles meiïnoar gear: it plak, it reizgjen, it stilstean, de dreamen en de fisioenen. Mar somtiden ek is de werklikheid hurd, sa't glês sûnder sweltsjes hurd wêze kin foar in fûgel dy't net útsjocht. En warskôgings foar it gefaar binne der net.