Gijn inkelde roman fan Jan Wolkers hat sa'n opskuor jun as Turks fruit (1969). It is lêzers: de frijmoedige seks of it ferskuorrend tagyske leafdesferhaal fan de ferteller en Olga. Turks fruit is in ikoan wurden fan de moderne Nederlânske literatuer, ek ynternasjonaal. De ferfilming troch Paul Verhoeven yn 1973 is útroppen ta de bêste Nederlânske film fan de foarige ieu. En yn 2005 giet de musical yn premiêre. Nynke Beetstra hat Turks fruit yn libben, hjoeddeisk Frysk oerset en de titel Turks swiet meijûn. Dêrmei heart it boek no definityf ek ta de moderne Fryske literatuer.