Discvr

menu zoek
cover De keet fan Annawald

De keet fan Annawald

Auteur:
Freddy Scheltema
Uitgever:
Elikser B.V. Uitgeverij

Opgroeie yn in plak as Annawâld is saai. Dea saai. Der is gjin snackbar, gjin kafee en gjin jeugdsoas. It ienige fertier foar adolesinten fynt plak op de lêste sneon fan 'e moanne. Dan is der in diskoteek of spilet der in bandsje yn it doarpshús. As Halbe op it idee komt om de ôfdankte karavan dêr't syn âlden ris besocht ha de wykeinen en fakânsjes mei troch te bringen as keet yn te rjochtsjen om har eigen wykeinen mei op te fleurjen fynt er dan ek in protte byfal by syn leeftydsgenoaten. Se rjochtsje it mei-inoar yn en ha tenei in plak dêr't se sitte kinne, wat muzyk draaie, bierke derby, swetse en laitsje. It wurdt it sintrum fan har frije libben. Smout en smeuiïch fertelt Freddy Scheltema wat der sa foar en nei yn de keet bart. Mei humor, flotte dialogen, mar ek each foar tragyk. Yn syn debútroman De reüny hat er al sjen litten dat er fertelle kin. Yn syn twadde, like tagonklike boek, bout er dat talint fierder út.

Boek gelezen 

Ratings:

  • Dit boek is nog door niemand gelezen

    Heb jij het boek wel gelezen? Schrijf dan als eerste een review voor dit boek.

    Boek gelezen